Discover
Boekekast
Boekekast
Author: Omrop Fryslân
Subscribed: 11Played: 85Subscribe
Share
© Copyright 2026 Omrop Fryslân
Description
Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Dat binne 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Boekekast bringt acht ferhalen as podcast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer. Sjoch ek op www.uitgesteldgeluk.nl
32 Episodes
Reverse
Yn dizze earste Boekekast in fragmint út 'De parallaks' fan Janneke Spoelstra. Yn de roman 'De parallaks' komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy't tritich, Lokke dy't fyftich en Wyb dy't santich wurdt. Alle trije identifisearje se har as lesbysk, mar troch it leeftiidsferskil is it perspektyf hiel oars. Hoe sjogge de froulju nei har omjouwing, en hoe de omjouwing nei har?
Yn dizze twadde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'De Nacht fan Mare'. Mare fan santjin en Thomas fan twaentweintich binne de haadpersoanen yn 'De nacht fan Mare'. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy't alles mei ferslaving te krijen hat.
Yn dizze tredde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'De Achttjin' fan Aggie van der Meer. Sintraal stiet de situaasje yn Tsjecho-Slovakije nei de selsferbaarning fan Jan Palach neidat Moskou yn 1968 mei geweld in ein makke hie oan de saneamde ‘Praachske Maitiid’. Ferenc Hacha, fan Joadske kom-ôf en as jonkje mei syn âlden út Dútslân wei nei Praach flechte, keas foar it kommunisme en klom yn ’e oanrin nei de Praachske Maitiid op ta lid fan it Politburo, dat achttjin leden telt.
Yn dizze fjirde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'De trekker fan Troje' fan Hein Jaap Hilarides. Friso Wassenaar is lobbyist yn Brussel. Hy wrakselet mei syn identiteit yn it postmoderne Europa. Syn twillingbroer Hero sit op de pleats dêr't de Wassenaars al generaasjes op buorkje. Yn 1990 wie de heit de lieder fan in grutte boereaksje. It belied fan de Europeeske Uny bedrige de boeren yn harren fuortbestean. Tweintich jier letter stride Friso en Hero foar de autonomy fan Fryslân. Mei in leger fan trekkers besette se Brussel. As de heit ferûngelokket docht bliken dat de hiele erfenis nei Hero giet. Boppedat hat de twilling noch wat út te fjochtsjen. Se falle op deselde frou...
Yn dizze fiifde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'Wurk' fan Elske Schotanus. As op in dei twivele wurdt oan de kapasiteiten fan Jasper, beslút er fan it iene op it oare momint syn wurk by in marketingadvysburo farwol te sizzen. Hieltyd mear besteget Jasper de tiid oan it skilderjen. Sa lûkt er de oandacht fan galeryhâlder Jitze Lageveen, mar al gau komt Jasper derachter dat de keunstwrâld yn wêzen net sa folle oars is as de benearjende wrâld fan de marketing.
Yn dizze sechde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint út 'Renger' fan Nyk de Vries. In jonge Fryske skriuwer, dwars yn de omgong, nimt yn syn wenplak Amsterdam in lift oan fan de mysterieuze Renger. Hoe faak hat syn heit, in súnige boufakker dy't alles sammelt dat los en fêst sit, him eartiids wol net warskôge foar dit soarte moaipraters? Dochs stapt hy yn de âlde Volvo.
Yn dizze sânde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint út 'Famke famke' fan Ale S. Van Zandbergen. 'Famke famke' fertelt it ferhaal fan dosint Nederlânsk Haije Alkema. It lesjaan jout him net mear in protte foldwaaning, leaver skôget er skilderijen mei syn maat Konrad Skoat. Pas as er de santjinjierrige Aam Alsem yn 'e klasse kriget feroaret der wat. Aam toant ynteresse yn Alkema syn literatuurlessen. Alkema op syn beurt kin it famke net mear út syn tinzen krije. It gefaarlike spultsje dat Haije Alkema as santjinjierrige mei Lies, Yfke en it hynstefamke Saapke spile soarget foar de spannende apoteose oan de ein fan it boek. 'Famke famke' is nominearre foar de Gysbert Japicxpriis fan 2019.
Foar it ferhaal 'In bysûndere moeting' krige De Schiffart yn 2018 de Rely Jorritsmapriis. It ferhaal is earder ferskine yn it Rely-nûmer fan it tydskrift Ensafh. Dit ferhaal is as earste te hearren yn dizze Boekekast. Dêrnei folget de foarpublikaasje fan De Schiffart syn roman 'Sjappy'. Dit ferhaal is earder te lêzen west yn 'De moanne', nûmer 1 2019.
Stosân, yn 2017 útjûn, is in aktueel, ûnderhâldend en betiden spannend boek. Dictus en Ina, op fakânsje mei de kemper ûnderweis fan Frankryk nei Dútslân, wurde op in parkearterrein oansprutsen troch in sekere Jacques. As Jacques fuort is, docht net allinne bliken dat er Dictus en Ina foarliigd hat, mar ek dat hy de Libyske har paspoart en har jild noch hat. In spannende syktocht folget.
It ferhaal Noorder Dierenpark komt út de ferhalebondel 'In soarte fan bûgjen' fan Geert Nauta. De bondel stiet fol mei subtile satire en in bysûndere skets fan it minsklik ferlet en tekoart. It ferhaal Noorder Dierenpark yn dizze Boekekast wurdt foarlêzen troch Eric Ennema.
Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei te luilakjen op de bank dêr't Tymo sa graach op sitte mei om te gamen. Dêrom wol Tymo dy nije flam fan syn mem sa gau mooglik ta de doar út hawwe. Tagelyk wurdt it no echt tiid dat se in leukere freon fynt, tinkt er. Mar hoe moat er dat oanpakke? En dan komt der in nij jonkje by Tymo yn de groep. Dy't in hiel spannende Heit Sûnder Frou hat, in echte keunster dy't bylden sa grut as in reus makket. Soe dy net mei syn mem wolle?
Anne Feddema is in alsidich keunstner. Hy is aktyf as dichter, skriuwer fan kollums, skilder, muzikant en performer. Anne Feddema skreaun in tal jierren radiokollums yn it Liwwarders, dichtsjen docht er yn it Frysk. It ferhaal De kleur fan Drinte komt út it literêre tydskrift Ensafh nûmer 6 2018, in nûmer wijd oan Frysktlich proaza.
De ferhalen 'Jantsje ..., Ja heit ...' en Marcello komme út de bondel 'Tsien fan Hylkje', yn 2016 ferskynd by de Afûk. Foar dizze bondel socht Douwe Kootstra tsien ferhalen fan Hylkje Goïnga út. Yn har humoristyske koarte ferhalen stelt de skriuwster it ûnwierskynlike gauris foar as deagewoan.
Yn 'Hierbak' komt Sjerp foar in drege kar te stean. Of trije kriminelen út de wei romje, of sels fermoarde wurde troch Piter, in man dy't te pas en te ûnpas yn syn hûs opdûkt. Kin Bak de krimineel Achmed Nochwat rêde troch him yn in âld arkje te ferstopjen, sûnder dat Piter dat yn 'e gaten kriget? En wat wol Loes, in âlde leafde dy't him wer opsiket, eigentlik fan him?
Wek yn 'e rivier is it ferhaal fan in húshâlding dy't troch de oarloch útinoar skuord wurdt ferteld troch de broer dy't in libben lang yn it skaad stiet fan Ake. De húshâlding, dy't, mei inkelde ûnderdûkers libbet op in pleats yn de Dongeradielen libbet rekket yn it fersetswurk behelle. Mei jonges fan 'e Knokploeg wachtsje de heit, Ake en syn broer op fleantugen dy't wapens droppe sille foar it ferset. In fragmint út Durk van der Ploeg syn boek Wek yn'e rivier wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma.
De Koma-Korrektor, yn 2018 ferskynd by de Afûk, is Baukje Zijlstra har debútroman. Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him nei de oarloch, yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens de Polisjonele Aksjes in befel wegere. Dêrfoar moast er foar de kriichsried ferskine en hat er in jier finzen sitten. Wylst Siemen - fertize yn hallusinaasjes - yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering.
'Wêrom giet mem net op Tinder?' freget Brecht. Mar dêr sit Pytsje net op te wachtsjen. En se wol ek net nei 'First Dates'. Dy moderne dating-metoaden, neat foar har. Mar dan fynt se har âlde poezyalbum werom, mei dêryn de namme fan in geheime jeugdleafde. Dan lûkt Pytsje de stoute skuon oan. It ferhaal 'Old School' is skreaun troch Hilda Talsma en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Hilda Talsma (1971) hat tal fan romans op har namme stean, ek skreau se in berneboek, toanielteksten en se is kollumniste by Omrop Fryslân.
Mei in plof lit Auke him op it bankje falle. Op syn fêste plak, it fierste hoekje. Dêr set er de soerstofflesse njonken him op de grûn. Hy sjocht even op de mjitter, de wite izeren buis sit noch trijekwart fol. Krekt as op de measte dagen is er earst. Dat komt moai út, want dan kin er even bykomme fan de reis op syn scootmobyl. It ferhaal 'Trije Friezen en in Turk' is skreaun troch Ferdinand de Jong en wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma. Ferdinand de Jong (1969) skreau seis romans en hy is kollumnist by Omrop Fryslân.
Libbe siet op 'e bank en seach nei de swarte kroltsjes fan syn pakesizzer. It jonkje siet al in healoere by him op 'e skoat en hie de tomme yn 'e mûle. Der wie neat dat him en Roland mear nei 't sin wie as dit. It ferhaal 'It moaiste' is skreaun troch Piter Boersma en wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma. Piter Boersma (1947) is skriuwer, útjouwer en haadredakteur fan Frysk literêr tydskrift Ensafh.
As ik it lêste tsjil pak om oan it ûnderstel fêst te meitsjen, stiet myn soan Jacco ynienen yn 'e iepening fan 'e carport. 'Dus dochs?' freget er nei de bekende wei. 'Ja, dus dochs,' sis ik justjes nitelich, om't wy der al safolle wurden om smoarch makke hawwe. De ienmansûnderseeboat út 'e Twadde Wrâldoarloch fan it Dútske type Biber is in erfskip fan ús heit, dy't der doe mei fearn hat. It ferhaal 'Dûke, verdammt noch mal' is skreaun troch Geart Tigchelaar en wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra. Geart Tigchelaar (1987) is oersetter, skriuwer en dichter.



