DiscoverGabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
Claim Ownership

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Author: Terpstra & Hut

Subscribed: 3Played: 23
Share

Description

Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.

Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.

De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts
49 Episodes
Reverse
paranormale saken

paranormale saken

2026-01-0757:23

Wy hearre bernestimmen troch de podcastmikrofoan, mar der is gjin bern te sjen. Arjan hat wolris in geast sjoen, yn Gordyk wurde UFO’s spot en Gabrielle hat in ferflokt boek by har. Hoe rint dit ôf? Arjan makket wat heftichs mei yn ’e bus, Gabrielle glydt hast fan ’e dyk yn in Dútske sniestoarm op ’e Autobahn , mar ûntdekt dêr wól nije muzyk!Ek prate wy oer Slacker, de films fan Anders Thomas Jensen, poëzij fan Piter Boersma, filtkeunst fan Aafje Brouwer én: wat hawwe wy allegear lêzen yn ’e fakânsje?
jieroersjoch

jieroersjoch

2025-12-1701:00:06

Wy binne werom mei in jieroersjoch oan'e hân fan jierlistjes. Wat binne ús favorite films, muzyk, boeken en live-optredens fan it jier?
In Dei Tenein

In Dei Tenein

2025-11-2601:00:271

tbc
Dêr binne wy wer

Dêr binne wy wer

2025-10-0857:13

It is in hiel skoft lyn dat de podcast der wie. Mayte wûn Liet, Elmar de Gysbert en Gabrielle en Arjan wiene yn Snits.
Witst noch

Witst noch

2025-07-0301:00:36

Gabrielle en Arjan hawwe de ôfrûne tiid in soad optreden en presintearre. Se stean stil by de Fryske Slam, Diele fan it Waad en PlayGround yn Harns. Se diene ek aardige dingen, Gabrielle liet in tattoo sette op de tattoo konvinsje yn Grins en Arjan gong nei Alexander Moto yn Neushoorn. Wy hawwe it oer pimel protezes yn films en lêze wer stikjes út ferhalen en poëzy. Uo fan Meindert Talma, Obe Postma en Jitte Siksma
Gabrielle lêst in ferhaal fan Tsead Bruinja foar oer sterilisaasje, dat se hearde by Dichter op de Deel as ûnderdiel fan Lyts Gelok. Arjan fertelt oer syn eigen ûnderfiningen mei sterilisaasje.Hy tocht efkes dat er in wolf seach, mar it wie ús spesjale gast Spock.Wat draait der yn it filmhûs? Gabrielle jout tips. Arjan fertelt oer syn skoalreüny.Arjan lêst in metalgedicht foar en in stikje út Jelle en juf fan Mirjam van Houten, winner fan de Simke Kloostermanpriis.
🎙️ Wittenskippers binne skokt: Gabrielle enArjan meitsje wer in podcast!Gabrielle isklear mei har manuskript en giet nei de skriuwersarke, wylst Arjan bliid is dathy der net hinne hoecht. Arjan wurket no faak mei Marrit Jellema, dy’t ek krekthar manuskript ôf hat. Wat dochst eins as in manuskript klear is?Arjan mocht foar€100 oan boeken keapje en die dat ek: fan Oroppa fan Saffae elKhannoussi (wer Gabrielle in stikje út foarlêst) oant Kappelekensbaanfan Louis Paul Boon. Hy liet 80.000 minsken yn in stêd fan PiterTerpstra leaver lizze — te modern-literêr nei syn sin.Gabrielle wurdtin bytsje ûngemaklik fan it kriebelvisje yn Gezinsverbijstering fanMeindert Talma. Underwilens begjint Lyts Gelok hastEn wy stelle defraach: bin wy yntrovert? Margriet Poortstra wist it al yn 1985.
Krekt doe't Ilse Vos te gast wie, dy't sels it podcasten leare woe, is ús opname skansearre rekke! Wy hawwe de helte rêde kinnen, sa hearst in fragmint fan Ilse har gedicht oer taal, dy't har tinken docht oan nutemiks en in part fan in gedicht fan Arjan yn de bus. Ek hearst oer Marokko, Lettertreffen en it nije prosint fan útjouwerij Frysk en Frij.
Rispjen fan 'e Twirre

Rispjen fan 'e Twirre

2025-02-0601:00:25

Marian Hulshof skreau de biografy oer Jacobus Q SminkPoëzij fan: Janneke Spoelstra, Gabrielle Terpstra, Geart Tichgelaar, Jacobus Q SminkBlack Metal: Helleruin De Grutte Gedichtejûn fan EnsafhFilms: Queer, Red Rocket
Dada & Drachten

Dada & Drachten

2025-01-2101:00:01

Erik de Boer is te gast om te praten oer syn gemeentedichterskip. Hy draacht ek it gedicht foar wêrmei't er it wurden is. Arjan wie jierdei, mar hie problemen mei Facebook en syn kat Purrito. Gabrielle gie mei Erik nei Antwerpen, wêr't ek in man yn in bearnepak wie. Arjan besprekt it oeuvre fan de ferstoarne David Lynch, dêr't er ek tige fertrietlik oer is. Gabrielle seach de film Babygirl en Erik jout fergees tips oer itselde sets spyljen mei dyn performance en dingen út 'e holle leare.
20 jier nei 2005

20 jier nei 2005

2025-01-0859:12

It is 2025, 20 jier nei 2005. De tiid dat minsken noch gjin telefoan yn 'e bûse hiene – útsein Gabrielle, dy't der al ien hie. Arjan net, en hy hat der no noch gjinien. Wy lêze poëzy foar út 2005 fan Pier Boorsma, doe't er noch jong wie.Gabrielle wie yn it Brouwdok foar in optreden fan Hannah Hoogsteen en Minne Pryster. Arjan fertelde hoe’t er by LIET in priis wûn hat, wylst Gabrielle fertelt oer Snowy, dy't se ynsliepe litten hat.Wiuwert en mummies. Wat is dêr eins no noch mear te dwaan? Wy sprutsen oer Purrito, dy't mei Ald & Nij ûnder de bank krûpt, en oer Cambuur: fjoerwurk, it nije stadion, en de rellen fan decoronatiid. Gabrielle fertelde hoe’t har roman einlings foarm krijt, wylst Arjan yn de bus yn 'e stoarm siet nei Morra.Wy seachen films: Nosferatu, Flow en Wicked. Arjan skreau in gedicht foar Snowy en joech in tip oer hoe'tst fergees mei de bus giest. Wy hiene it oer goeie foarnimmens en moderne boeken.
Pussy, pussy, pussy

Pussy, pussy, pussy

2024-12-2059:25

Wy sjogge werom op it jier. Wat wiene ús favorite films, boeken, muzyk en optredens? Fan Jaimy Hihaho op Asgaard, oant Bert de Vries yn Amsterdam, we nimme jim mei it jier troch. Ek steane we stil by de presintaasje fan Syds Wiersma ôfrûne wykein en by de film Anora.
Johanneke en Gabrielle

Johanneke en Gabrielle

2024-12-0830:49

Fryske filmsYn dizze extra ôflevering fan de podcast, ta eare fan Fryske films, giet Gabrielle yn petear mei filmmakker Johanneke Dijkstra oer har yndrukwekkende film Kriich. Dizze film jout in nije blik op de striidlust dy't sa ferbûn is mei de Fryske skiednis en stelt de fraach: hoe sit dat no yn ús moderne tiid? Johanneke fertelt oer it meitsjen fan de film, har fisy op Fryslân en de krêft fan ferhalen yn it Frysk.In film oer Fryslân: ferline en hjoed mei-inoar ferweveJohanneke beskriuwt hoe't Kriich har persoanlike fisy op Fryslân werjout. Se woe gjin tradisjonele heldeferhalen fertelle, mar wat nijs meitsje dêr’t moderne Friezen har yn werkenne kinne. Se brûkte symboalen en eleminten, lykas in iisblok om tema’s fisueel te meitsjen. De film lit sjen dat Fryslân in divers plak is.Gabrielle dielde hoe’t de film har rekke hat: "Ik moast trije kear gûle." De takomst fan Fryske filmsNjonken it sukses fan Kriich wurket Johanneke oan in nije Fryske searje dy’t spilet yn de Wâlden, en dus yn it Frysk.De kar om dit yn it Frysk te meitsjen is foar Johanneke essinsjeel. Hoewol’t guon oantriuwnen op Nederlânsk, fielt dat foar har as in oantaasting fan de autentisiteit fan it ferhaal. “Frysk is de taal fan de omjouwing dêr’t dizze ferhalen spylje. It makket de film of searje realistysker en moaier,” seit se.Johanneke leit ek klam op it trochbrekken fan taboes en ferbining: “Minsken hawwe faak in ienfâldich byld fan Fryslân, mar hjir wenje hiel ferskillende minsken. Wy kinne safolle mear berikke troch dingen mei-inoar te dwaan, yn stee fan alles sels oplosse te wollen.”Male Gaze, Female Gaze en ynspiraasjeYn it petear hawwe Gabrielle en Johanneke it ek oer de “Male Gaze” yn films, wêrom’t it wichtich is om mear nuânses te sjen. Johanneke neamt foarbylden fan makkers dy’t har ynspirearje, lykas Halina Reijn en Yorgos Lanthimos, wylst Gabrielle en sy tegearre reflektearje op films dy’t se it ôfrûne jier sjoen hawwe.In nije blik op FryslânMei Kriich hat Johanneke wat nij delset: in film dy’t de striid fan no werjout en romte biedt foar emosjes en ferbining. "It giet net allinnich om te befestigjen wat wy al witte, lykas de Alvestêdetocht of Grutte Pier, mar om it finen fan nije ferhalen dêr’t minsken harren mei ferbine kinne," seit se. Bliuw Johanneke folgjen, want dit is pas it begjin fan in spannende takomst foar Fryske films.
Arjan is wer hielendal better, en dat fiere wy mei in nije ôflevering.Gabrielle kocht by Explore The North Waar Iemand Woont, de debútbondel fan Richard Nobbe. Se lêst in gedicht foar en besprekt mei Arjan de opfallende en keunstsinnige kanten fan ’e bondel.Gabrielle kocht Paddenstoelen yn Nije Lije en leit oan Arjan út wat Nije Lije eins is. Sels paddenstoelen sykje fynt se wat te spannend, dus lit se dat leaver oan de kenners oer.Wy dûke fierder de poëzij yn mei de Zinnenfabriek, de gesellige gedichtewinkel fan Marrit Jellema. Sawol Gabrielle as Arjan hawwe hjir gedichten skreaun. Arjan hat sels ien kocht, en lêst dy foar.Sinterklaasgedichten meitsje? Arjan fertelt hoe’t er bern in hantsje holp – soms ûnder lichte twang – om it net rimen ûnder de knibbel te krijen. Gelokkich is der aanst it Poezijlab, dêr’t sawol domme bern as domme dichters leare kinne hoe’t it écht moat.Arjan fertelt oer syn ûnderfining by de Literêre Dis. Mei syn magyske sfear like it wol in gearkomste fan Harry Potter. Gabrielle sjocht werom op har optreden by BoekFloedBoek, dêr’t se mei har ferhaal in lugubere yndruk makke. Se lêst in stikje foar en laket noch nei om Meindert Talma syn hilaryske ferhaal oer pisjen.Gabrielle wie ek te gast by de Slûsfabryk yn Drachten, dêr’t in live-programma foar Radio 1 opnaam waard. Ta beslút prate wy oer de Fryske Top 100. Gabrielle wol net dat De Kast wint en stimt op metal –Arjan wit it noch net, mar oerwaget in stim op Skarl.Mei proaza en poëzij fan Marleen Nagtegaal, Arjan Hut, Richard Nobbe, Gabrielle Terpstra en Anne Feddema is dizze ôflevering wer fol ynspiraasje en humor. Harkje no!
Gabrielle en Elmar

Gabrielle en Elmar

2024-11-2154:41

Yn dizze ôflevering fan Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard nimt Elmar Kuiper plak oan de mikrofoan, want Arjan is siik. Elmar fertelt oer syn jeugd by de fleanbasis – in tiid fol spanning yn in paradys, dêr’t syn nije bondel ferlosboartsje ek oer giet. Ticht by dysels bliuwe as dichter, hoe dochst dat? Wy prate oer hoe’t sosjale media de wrâld hiel swart-wyt makket mar hoe’t poëzy minsken dochs djipper sjen litte kin.In oar tema wie de fraach: “Wat is realiteit?” Gabrielle lêst oer dissosjaasje yn romans, en Elmar fertelt oer psychotysk skriuwen.Wy steane stil by Elmar syn kluzenaarlibben: in stabyl, rêstich bestean dat him goed foldocht. Hy fertelt oer autisme en hoe’t er mei syn yllustraasjes syn bondels in eigen stimpel jout. Oare hichtepunten fan de ôflevering:Gabrielle en Elmar steane op 29 novimber tegearre op it poadium by BoekFloedBoek.De ferhalen oer Willy Darktrousers syn húskonsert foar in pony, katten en hûnen.Spûken yn Grut Lankum! Elmar fertelt ús alles oer de geasten dy’t dêr noch altyd omspûkje.Gabrielle en Elmar harren filmûnderfiningen: aktearjen én regissearjen!Harkje no de folsleine ôflevering fan Gabrielle en Elmar bedoele it net ferkeard!
Orgies en Slachtpartijen

Orgies en Slachtpartijen

2024-11-0601:01:29

Yn de nijste ôflevering fan "Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard" skoot Marleen Nagtegaal oan, kreatyf direkteur fan Explore the North. Se nimt ús mei yn de wrâld fan de ferwûnderkeamer, in bysûnder projekt dêr’t jonge, talintearre dichters harren litten ynspirearje troch de bondel Reade Runen fan Ella Wassenaar. Dit projekt is te sjen op Explore en yn Brussel, by De Buren.Wy fantasearje oer hokker spektakel ûntstean kin by literêre moetingen. Sil it in poëtyske orgy wurde, of sil der rûzje ûntstean? Arjan hâldt syn hert fêst! Ek de fraach oft Gabrielle noch lang libje sil komt op tafel. Nei in dûnske op it Boekebal mei Sigrid Kingma liket se har libben te riskearjen, en wy freegje ús ôf: wa sil postúm har wurk beoardielje?Lykas altyd bliuwe Gabrielle en Arjan net bysûnder tûk mei jild. Tusken alles troch lêze wy foar út de Bildtske roman fan Gerard Marcel de Jong en it nijste boek fan Tjeerd Schuhmacher. Ek steane wy stil by dregere tema’s: moatte je in stânpunt ynnimme oer ûnderwerpen lykas oarloch en rasismme, en wat as't dat net wolst?De Skaafsessjes komme foarby, mei hardcore, koaren en poëzy. Gabrielle hat noch noait fan it Keningsliet heard, en Arjan fertelt oer de Abel Oostra-jûn yn it skriuwerskafee.. Wy prate ek oer hânwurk as ynspiraasjeboarne – sa as in boek oer in finger yn dyn anus!Dêrneist besprekke wy it nije album fan The Cure en Arjan syn ûnderfining by Poëzy yn de Bres, dêr’t hy bot ûnder de yndruk wie fan Aggie Meijer en Bianca Boer. & Wy wolle dat Lil Pier nei it sjongfestival giet, no't Joost Klein net giet.Benijd nei al dizze ferhalen en mear? Harkje nei de folsleine ôflevering fan "Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard"!
Metal & Dolfynen

Metal & Dolfynen

2024-10-2359:17

🎙️ Nije ôflevering fan "Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard" 🎙️Dizze kear ha wy in bysûndere gast: Mike, de bassist fan de blackmetalband Drôvich! Hy iepenet de podcast mei in poëtyske songtekst dy't de sfear set foar in fassinearjende ôflevering.Gabrielle woe nei Ljouwert fytse, mar krige in lekke bân by Slappeterp. Gelokkich is der ek hûnenijs! 🐾Arjan krige kommentaar op syn nijste gedicht – earst te lang, no wer te koart! Mike fertelt ús alles oer syn muzikale ynspiraasjeboarnen, en wy sjogge foarút nei it Boekenbal én de Frisian Metal Night. 🎸Fierder ha wy it oer de slagge Midnightwalk yn Dokkum, it bysûndere barren Dichter by Mozart, en hoe’t it stiet mei de kondysje fan fitte dichters. Wy beprate ek noch films op Netflix.En fansels, poëzij; fan Drôvich, Abe de Vries en Arjan Hut. ✍️
kroanleas en bleat

kroanleas en bleat

2024-10-0957:09

Yn dizze ôflevering fan 'Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard' poëzij fan u.o. Joost Oomen. Wy wolle Oranjekoeksalade op it Frysk Ynstitút yn Brussel, wêr Gabrielle wy foar Transpoesie. Wy prate oer droege woarst en de woarst hingje litte oant it hast in mummie is. 🥩Wy prate oer de tol fan it sukses en de drokte dy’t dichters ûnderfine, en it byld fan de dichter as immen dy’t drinkt, neukt en subsydzje krijt. Oer Cornelis van der Wal mei in bysûndere útjefte fan syn achtste bondel, en sels syn klean bliuwt net ûnbesprutsen. 👕Dêrneist beprate wy de gedichten fan Sipke, en ropt Gabrielle op foar mear froulju op it poadium – net foar harsels, mar it hiele geslacht. 💪Gabrielle oer de twadde 'Joker'-film en harren leafde foar bodyhorror yn THE SUBSTANCE, mei Margaret Qualley. Sy freegje harren ek ôf oft Anne Feddema de ûnkroande stedsdichter is.Der binne shoutouts nei Wim Brons en wy sjogge foarút nei eveneminten lykas de Paupereksposysje op 27 oktober yn Marktzicht en in keramykútstalling oer de keizerin op 26 oktober. Ek stelle wy de fraach: wa mei foardrage foar de Keninginne? En hoe kin it dat Elmar jonger liket as Arjan?Uteinlik slute wy ôf mei it testen fan kruidnoten en de boekpresintaasje fan Tjeerd. 🎉
Strjitten & Ferhalen

Strjitten & Ferhalen

2024-09-1958:40

Yn dizze ôflevering te gast, skriuwster Nicole van der Berg, dy't foarlêst út har prachtige boek Het Losloopveld. Dêrneist beprate Gabrielle en Arjan Gabrielle’s eigen nije bondel Tsjintwurdich is alles better, dy't op 6 septimber presintearre waard. Wy fertelle oer de jûn en Gabrielle draacht foar. We freegje ús ek ôf: komt der in sitytour fan plakken dy't yn Gabrielle’s bondel foarkomme? Nicole fertelt oer de Schrijfclub en har ûnderfiningen mei Explore The North. It projekt Sprekende Stenen, dat iensumens ûnder de oandacht bringt, komt noch efkes foarby, lykas Arjan’s terroragenda. Nicole krijt hast in panykoanfal as Arjan syn oerfolle skema dielt, mar Tialda Hoogeveen skynt noch in slimmere aginda te hawwen – gelokkich docht sy oan bootcamp! Docht Nicole eins oan sport? Gabrielle fertelt oer har ûnderfining mei moderne dûns en Arjan dielt hoe't syn Tai Chi aventoer hielendal de mist yn gie. Fierder prate we oer de Fryske Akademy, diele we goede oantinkens oan de Slach om Warns, en beprate we it wurk fan Sido Martens. Ek de wrâld fan films en it oankommende Keihurd Festival yn it Bolwurk komt oan bod.
Gitaren & Letterfretters

Gitaren & Letterfretters

2024-05-0901:02:00

Wy wiene op it befrijingsfestival dêr't Arjan nei hûs gie doe't Gabrielle kaam, Gabrielle fûn Stoflik Omskot geweldich en we freegje ús ôf wêr't de helikopter eins lânet. We ha it oer de muzykscene fan de ôfrûne tiid mei oa Esther de Jong, Willy Darktrousers, Drôvich, Kaspar en Electropop mei Sietse van Essen. We ha it oer films yn Slieker, dêr't Arjan ek in ynlieding jaan mocht by The Wasteland en we ha literêre roddels en nijtsjes. Komt der in Letterfretterrel? Watfoar nijs hawwe wy oer de stedsdichter fan Ljouwert?
loading
Comments