DiscoverBuro de Vries (Podcast)
Buro de Vries (Podcast)
Claim Ownership

Buro de Vries (Podcast)

Author: Omrop Fryslân

Subscribed: 17Played: 812
Share

Description

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.      
359 Episodes
Reverse
Op 10 april 2001 wie it ek yn Fryslân safier: op in bedriuw yn Ie waard tongblier konstatearre en in dei letter barde itselde op in bedriuw yn Eanjum. Tongblier is in tige besmettelike sykte foar kij, skiep, hynders, bargen en geiten. Tûzenden kij binne doe dea makke om fersprieding fan it firus foar te kommen. Douwe Boersma wie doe sjoernalist hjir by de Omrop en wenne yn it troffen gebiet. Hy is te gast.  En ek LTO bestjoerde Jan Teade Kooistra en lektor Dier en Gezondheid Wiepk Voskamp fan Hegeskoalle Van Hall Larenstein komme oan it wurd oer tongblier doe én no.  
Fan wa bisto der ien? Dy fraach is de kearn fan genealogysk ûndersyk. Wa binne dyn foarâlden? Buro de Vries praat mei Johan Wagenaar, eigener fan histoarysk ûndersyksburo 'It Alders Erf", oer syn leafde foar stambeamûndersyk. En dûkt mei him it ferline yn.
'SAVE' stiet foar Stories of the Archipelago of Villages in Europe. Yn dit Europeeske projekt wurde ferhalen út fjouwer hiel ferskillende Europeeske doarpen sammele. It giet om de doarpen Jadagoniai yn Litouwen, Praputnjak yn Kroatië en Hopovo yn Servië. En it fjirde doarp is in doarp yn Fryslân: Blauhûs. Sjoerd Litjens en Sippy Tigchelaar ha mei 30 ynwenners praten, dy ferhalen opnommen en opskreaun. Mei foto's derby fan de minsken dy't oan it wurd komme binne de opskreaune ferhalen bondele yn in boek. En de audio fan de ferhalen komme op in webside dêr't ek de ferhalen út de oare dielnimmende doarpen op komt.  Yn Buro de Vries prate presentator Geartsje de Vries mei Sjoerd Litjens, de inisjator fan it projekt yn Fryslân en mei Acronius Ettema, dy't him as bestjoerslid fan pleatstelik belang Blauhûs sterk makke hat foar de realisaasje.   
De 17-jierige Naut van der Mei fan Grou is in echte fûgeler. Al mear as in jier is hy dwaande mei it meitsjen fan in film oer de fjildûle op it Noarderleech. Oeren en oeren hat hy trochbrocht op dit lege stik natoer oan de oare kant fan de dyk. It Buro gie in kear mei him mei, op syk nei de fjildûle.
Yn de finzenis wurket Raymond Dijkstra oan syn takomst.Yn 2019 waard er yn ingelân feroardiele ta 18 jier sel nei't er op in katamaran trappearre wie mei kokaïne oan board. Nei in pear jier waard er oerpleatst nei in finzenis yn Nederlân en dêr is it slagge om oan syn takomst te wurkjen. Hy folge modules oan de TU Delft en ûntwurp in nij type boat dat tsjinje kin as opliedingsskip foar bemanningsleden fan in skûtsje.
It begûn allegear mei it ferhaal fan Amsterdamske jonge fuotballerkes, dy't yn de hongerwinter fan 1944 nei it Hearrenfean fan Abel Lenstra stjoerd waarden, om oan te sterkjen. Mar wylst skriuwer en sjoernalist Jaap Visser dat ferhaal optekene, rûchele hy fan it iene Fryske fersetsferhaal yn it oare. It resultaat is it Boek "Bontebok, onderduik en verzet in het land van Abe Lenstra". Ek it ferhaal fan syn eigen famylje stiet yn it boek. En dat spilet him ôf yn in oar part fan Fryslân: de Súdwesthoeke. Klazina Hofstee moetet Visser by it haventsje fan Laaxum.
Wat hâldt Friezen dwaande yn dizze rûzige tiden? Wêr lizze se wekker fan en wêr wurde se krekt fleurich fan? Koart nei de komst fan in nij kabinet, en op de drompel fan de gemeenteriedsferkiezingen stekt it Buro de thermometer yn de Fryske mienskip. Fannewike sochten we it heger op, mei in besite oan Heechterp, Heech en Hegebeintum...
Aukje de Vries fan Ljouwert sjocht werom op har perioade yn Den Haach as VVD-politika en -bestjoerder. Mar ek: wat bin har ambysjes? Soe boargemaster wat wêze kinne miskien?
Mirka Antolovic fan Tûmba oer Ynternasjonale froulju's dei. Wat is it, is it noch nedich? En hoe komt it dat froulju noch faak te hoeden binne om de polityk yn te gean?
Hjoed presys oer in jier komt it jubileumboek "200 Fryske froulju" út fan it Keninklik Frysk Genoatskip. In boek fol mei biografyen fan opfallende froulju fan de ôfrûne 200 jier. Haadredakteur en skriuwer Tialda Hoogeveen hat it ôfrûne jier ferskate froulju yn it sintsje set, troch by ús te fertellen oer harren libben. Hjoed, yn de lêste ôflevering, op ynternasjonale frouljusdei, fertelt Tialda oer it libben fan Geertruid Brouwer.
Theunis Piersma is al 50 jier wittenskipper. Op syn 17e skreau er foar it earst oer in observaasje dy't er dien hie. No is er 67 en giet er mei pensjoen, mar syn ûndersykswurk giet gewoan troch. Piersma syn rol wurdt wol oars, mar ophâlde mei de wittenskip? Nee, dat kin net.
De kraanfûgel stiet yn Azië symboal foar leafde en gelok. No, oan it begjin fan de maitiid, is de kraanfûgel oan it trekken troch Europa.Mar net alle kraanfûgels trekke. Yn natoergebiet Fochteloerfean yn ut suden fan Fryslan libje sa'n 60 kraanfûgels. Dizze libje dêr altiten en binne honkfêst. It Buro tôge nei De Fochtel ta om te sjen hoe't it mei kraanûgel giet no't har soartgenoaten it flink te pakken ha...
Der hat in tiid west dat hast elkenien wol in boekje fan Havank yn de boekekast stean hie. Dizze Ljouwerter skriuwer, pseudonym van Hans van der Kallen, skreau detectives en is miskien wol de grutste misdiedskriuwer fan Nederlân ea. Skriuwer en âld sjoernalist Sytse de Vries dûkte yn it libben fan Hans van der Kallen en skreau der in teäterstik oer, dat ein maart yn Ljouwert te sjen is. It Buro moetet de Vries op de Wurdumerdyk yn Ljouwert, in strjitte dêr't in grut part fan it libben fan Havank him ôfspiele hat. Wa wie Hans van der Kallen en hoe is hij Havank wurden?
200 opfallende Fryske froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 bysûndere froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút. Hjoed fertelt Tialda oer it libben fan Hermien van der Heide.
In bisûndere man mei in moai libbensferhaal. Dat is Nico Rypkema. De keunstner wennet al hiel lang yn Utert, mar fielt him noch altyd in oprjochte Fries.De 94 jierrige Rypkema groeide op yn Sint Nyk mar ferhuze nei de dea fan syn heit mei mem en syn sân bruorren nei Utert. Dêr kaam de jonge Nico op it keunstnerspaad. Reden genôch om ris op besite te gean by dizze markante man.
It binne de lêste dagen foar Femke Wiersma as minister fan lânbou. Nei eksakt 600 dagen draagt se alle dossiers oer oan Jaimy van Essen dy't har opfolget. In ôfskiedspetear.
It deiboek fan Anne Frank is wraldwiid ferneamd en yn mear as 75 talen oerset. Anne beskriuwt har libben tidens har ûnderdûkperioade yn it achterhûs oan de Prinsengracht yn Amsterdam yn de Twadde Wrâldoarloch. It boek is ien fan de meast lêzen boeken oer de joadeferfolging. Mar ek har âldere sus, Margot, hie in deiboek. Dat is ferlern gien. Foar skriuwster Janny van der Molen fan De Knipe reden om har ferhaal op te tekenjen.
Hebe Dijkstra

Hebe Dijkstra

2026-02-1018:17

Operasjongeres Hebe Dijkstra fan Twizelerheide is 83 mar sjongt en swingt noch op it poadium. Se hat in romrofte karriêre yn de operawrâld hân. En no stiet se wer op de planken. As famke fan alve wist se it al. "Ik wurd sjongeres". Op har 83e is it noch net klear. Mei it autobiografyske stik "Coming of age" fertelt en sjongt se mei twa kollega's har ferhaal oer de operawrâld en wat âlder wurden dêryn betsjut.
Histoarikus en skriuwer Arnoud van de Ridder seach nei de Ingelske Televyzjesearje "Downton Abbey" en krige in idee. Sa as je nei alle gedachten wol witte fertelt dizze tige populêre searje oer de famylje Crawley, dat wennet op Downton Abbey. Mar it ferhaal giet benammen oer it wol en wee fan it personiel fan de famylje. Van de Ridder wennet yn Gaasterlân en woe wolris witte wat de ferhalen binne fan it personiel fan in grut lânhûs dat by him yn de buert stien hat: Huize Rijs. It Buro moetet Van de Ridder by in leech stik lân, flakby it Ryskerbosk.
Treinrails út Hamburg fertelle it ferhaal fan fermoarde Harnzers yn de Twadde Wrâldoarloch. Oer dizze rails hawwe trettjin manlju út de Fryske havenstêd it lêste stik fan harren libben riden. In part fan dit spoar is fannewike ûntbleate yn de Harnzer biblioteek. In monumint foar de slachtoffers dy't yn frachtwagonnen nei konsintraasjekamp Neuengamme by Hamburg deportearre waarden. Dat barde op 16 jannewaris 1945, doe't 110 fersetsminsken út Noard-Nederlân op de trein set binne. Net ien soe de oarloch oerlibje. Nei in moanne wiene al mear as 40 minsken omkommen troch mishanneling, sykte of honger. De oaren waarden ophongen troch de nazi's. Ien fan de slachtoffers wie de heit fan de no 84-jierrige Jan Norg fan Harns.  
loading
Comments