DiscoverSportcast
Sportcast
Claim Ownership

Sportcast

Author: Omrop Fryslân

Subscribed: 21Played: 2,827
Share

Description

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
366 Episodes
Reverse
Sportklup Hearrenfean is yn bloedfoarm, mei fiif oerwinnings út de lêste seis wedstriden. In haadrol is dêrby weilein foar Joris van Overeem. Moat bûnscoach Ronald Koeman him selektearje foar it Nederlânsk alvetal? Fierder reint it primeurs yn dizze ôflevering, ûnder oare oer Oscar Sjöstrand en Maxence Rivera. En âld-Cambuurspiler Michael Breij wie freed as spiler fan Roda JC foar it earst yn it Kooi Stadion. Wat fûn hy fan de weromkear by syn âlde klup?
Algemien direkteur Ferry de Haan fan Sportklup Hearrenfean hoecht him noch altyd net te ferfelen. Der moat in nije haadsponsor komme, in nij trainingskompleks en de hier fan it Abe Lenstra Stadion moat omleech brocht wurde.  Hy jout in update oer de stân fan saken. Mar it giet ek oer in swimbroek op Malta, de mem fan Anthony Lurling en in huldiging fan Cambuur by de Aldehou. Want sportferslachjouwer Geert van Tuinen ferklapt wannear't dy wêze sil.
René van der Weij is te gast yn de Sportcast. De âld-Cambuur-fuotballer en trainer fan HHC Hardenberg folget Cambuur op de foet. Is Cambuur al yn maart promovearre? Hoe slim is de blessuere fan Mark Diemers? En hoe giet it by Hearrenfean? Moat Luuk Brouwers spylje? En wie Hearrenfean no goed of matich tsjin Sparta?
It is in histoaryske ôflevering fan de Sportcast. Want foar it earst yn 333 ôfleverings sit der in frou oan tafel! En it is net samar in frou, nee, it is rekôrynternasjonal Sherida Spitse! De Snitser gie de ôfrûne jierren troch in djip dal. Dêroer fertelt se wiidweidich. Krekt as oer har ambysjes. Want wurdt se no trainer of technysk direkteur? En we ha in echte spitsediskusje, mar dan by Sportklup Hearrenfean en by SC Cambuur.
Yn de Sportcast belje we mei Michel Vlap. Hy fuotballet yn Katar. Te gast is NOS-kommentator Jan Vincent van Zuiden. Hy joech kommentaar by Hearrenfean-PEC Zwolle en hy fynt dat Hearrenfean in karakterploech hat.
Wa is de beste spits oait fan SC Cambuur? Ald-fuotballer Sandor van der Heide skoot oan yn de Sportcast en hoecht net hiel lang nei te tinken oer dy fraach. En moatte we ús soargen meitsje oer Sportklup Hearrenfean? It komt net goed út 'e winterstop en ferlear trije fan de lêste fjouwer kompetysjewedstriden. Van der Heide leit út wêrom't dy soargen net nedich binne. Yn Ljouwert moat fêst ek mei in skean each nei takom seizoen sjoen wurde. Want wa moat de opfolger wurde fan Ard de Graaf as algemien direkteur? En hokker spilers kinne bliuwe by promoasje nei de earedivyzje?
Yn dizze spesjale edysje fan de Sportcast is Sjinkie Knegt te gast en skowe Roelof de Vries en Andor Faber oan. We besprekke de kânsen fan de 7 Fryske dielnimmers oan de Olympyske Spelen en we ha ferbining mei ús man yn Milaan: Willem Vermeltfoort.
Technysk manager fan sc Hearrenfean Johan Hansma is te gast. Hy fertelt oer wat der dizze transferperioade allegear spile, oft er noch wat spilet en oft Andries Noppert bliuwt. We belje ek mei technysk manager fan SC Cambuur.
Maas Willemsen makket yndruk yn syn earste moannen by Sportklup Hearrenfean. Yn it fjild, wêr't de sintrumferdigener de dribbelkening fan Hearrenfean blykt te wêzen. Mar ek bûten it fjild ymponearret de 22-jierrige Willemsen, sa leare wy yn de Sportcast.  Fierder is der in ynsjoch hoe't in freedtejûn by de famylje De Jong yn Drachten derút sjocht: gjin skeakelkanaal mei KKD-wedstriden, mar The Voice of Holland. En de direkteur fan FC Grins skoart populistepunten mei syn útspraak dat er fynt dat Hearrenfean ophâlde moat mei it Frysk folksliet foar de wedstriid, om't it 'niet meer van deze tijd' wêze soe. 
SC Cambuur moat mear ambysje toane. As je koprinner ADO Den Haag twa kear yn ien seizoen ferslaan, moatte je ek útsprekke dat je foar de titel geane. Cambuurtrainer Henk de Jong docht dat net, mar yn de Sportcast bart dat wol. De spilers fan Sportklup Hearrenfean steane wer efkes mei de beide fuotten op ierde, nei't FC Grins mei 2-0 wûn yn it Abe Lenstra Stadion. Neffens âld-spiler Geert Jelle de Vries leit it oan de fjildbesetting fan de Feansters. Hy neamt it in 'struktureel probleem'. En hoe kin it dat Daniel Karlsbakk, nei't er Hearrenfean ferlitten hat, ynienen wól skoart? In goeie bekende fan him leit it út...
Sportklup Hearrenfean pakte in fertsjinstlik punt tsjin Feyenoord. Of tsjin in 'luzeploech', sa as de Rotterdammers yn de Sportcast neamd wurde. Mar hie der miskien wol mear yn sitten as in lykspul? SC Cambuur spilet freed de kreaker tsjin koprinner ADO Den Haag, mar yn Den Haach binne se eins hielendal net mei de Ljouwerters dwaande. Hoe sit dat? En wat is der no krekt bard mei Bernt Klaverboer? De keeper fan Sportklup Hearrenfean foel op de slotdei fan it trainingskamp yn Spanje yn de badkeamer, wêrby't er in harsenskodding oprûn. Yn de Sportcast hearst de smoute details.
It is fansels mar de fraach oft it mei alle snie trochgean kin, mar as dat it gefal is, dan spilet SC Cambuur freed de útwedstriid tsjin FC Emmen. En dat hat mei Menno van Dam in Fryske haadtrainer. Hy is ûnder de yndruk fan de Ljouwerters, mar sjocht ek kânsen. Hokker? Dat fertelt er yn de Sportcast. Fierder is der fanút it trainingskamp fan Sportklup Hearrenfean in ynformant, dy't syn earste yndrukken fan nije spilers Lasse Nordås en Luca Oyen priis jout. Dat en mear yn in nije Sportcast.
It fuotbaljier 2025 sit derop foar Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur en dus is it tiid om werom te sjen. Wat wiene de hichtepunten? En hoe wiene de djiptepunten? Fansels wurdt der ek fêst foarút sjoen op wat it nije jier ús biede sil. Sa sjogge we yn de glêzen bol oft Hearrenfean de bekerfinale hellet. En keart de Fryske derby werom mei de promoasje fan Cambuur?
It útkompleks fan Sportklup Hearrenfean is as snie foar de sinne ferdwûn nei trije oerwinnings bûtendoar. De winterstop komt dus eins te betiid foar Robin Veldman en syn ploech. Dat jildt net foar Erwin Zeinstra. De assistint-skiedsrjochter is wol efkes ta oan winterskoft nei 20 wedstriden yn de earste seizoenshelte. En SC Cambuur krijt ADO Den Haag wer yn it fizier, no't de koprinner fan Jong PSV ferlear. Kin Cambuur noch kampioen wurde? Dat en mear yn in nije Sportcast.
De ambysjes fan SC Cambuur yn it Kooi Stadion rikke fier. Yntern wurdt der sels praat oer it heljen fan Europeesk fuotbal, jout algemien direkteur Ard de Graaf ta. Fierder giet it oer in mooglike bekerstunt mei in Fryske link, de rêdings fan slangeminske Bernt Klaverboer dy't Sportklup Hearrenfean de earste 'clean sheet' opsmite én oer dat der scouts út hiel Europa op 'e tribune sitte foar Ismaël Baouf.
Cambuurmiddenfjilder Daan Visser is oardel wike lyn foar de twadde kear operearre oan syn knibbel. De 21-jierrige Snitser docht syn bêst om werom te kommen, mar makket him ek wol soargen oer oft dat kin. By Sportklup Hearrenfean is fan alles te dwaan oer de toss en de kar fan oanfierder Luuk Brouwers. Want spylje je it leafst yn de earste óf twadde helte nei de fanatike fans ta?  En hoefolle kredyt krijt keeper Bernt Klaverboer noch fan de technyske stêf fan de Feansters. De Ketliker keeper seach der sneon tsjin PSV op 'e nij net oertsjoegjend út.
Sportklup Hearrenfean kin aldermachtigst goed fuotbalje. As it mar thús is. En it leafst tsjin in goeie tsjinstanner. Want de Feansters litte it út tsjin de mindere Goden net sjen. Komt dat troch in mentaliteitsprobleem? Wa't miskien ek wol in probleem hat, is Cambuuroanfaller Ichem Ferrah. Hy wie de revelaasje fan de earste moannen, mar hat no al twa moannen net belutsen west by in goal. As it oan René van der Weij leit, rekket er syn basisplak kwyt. Dyselde Van der Weij, haadtrainer fan twadde divizjonist HHC Hardenberg, hat ek noch in primeur foar de Sportcast...
SC Cambuur wûn freedtejûn de topper fan ADO Den Haach, dochs gong it nei de tiid foaral oer de rellen nei de wedstriid. Dizze wike gong it ek in soad oer de finânsjen fan Cambuur. Jildsjitter Pieter Kooi sit dêrom oan tafel yn de Sportcast. "It wie wol efkes skrikken".
Robin Veldman is no in heal jier trainer fan sc Hearrenfean en libbet syn dream. Dat seit hy as gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Dochs lizze der foar him ek problemen op tafel. want hy hat in linksbûten dy't noch altyd gjin goal makke hat. Hoefolle stipe krijt Maxence Rivera noch? Hoe komt it by SC Cambuur no't der fragen lizze oer de finansjele problemen. Hoe grut binne dy en kin Cambuur der noch útkomme?
Neffens Cambuurtrainer Henk de Jong is ADO Den Haag net mear yn te heljen yn de Keuken Kampioen Divisie. Dy 'Henk de Jong-doktrine' kin yn de Sportcast net op stipe rekkenje. Ek is der krityk op Robin Veldman, de trainer fan Hearrenfean dy't sykjende is nei syn ideale opstelling. As it oan âld-fuotballer Geert Jelle de Vries leit, is dêryn gjin plak foar de 'domme draver'. De finansjele sifers fan Cambuur wurde ek besprutsen. Der driget sels in straf foar de klup, as it net ferbetteret.
loading
Comments 
loading