Discover
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
Author: Omrop Fryslân
Subscribed: 1Played: 97Subscribe
Share
© Copyright 2026 Omrop Fryslân
Description
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.
116 Episodes
Reverse
Yn it nijsfoarum hjoed Maarten Goudzwaard (2e keamerlid foar JA21), Rommy Kempenaar (wethâlder en listlûker foar sociaal links yn Dantumadiel) en Debbie Kruit (listlûker VVD yn Súdwest Fryslân). De petearen en diskusjes gean oer de Odido hack, keapsnein, de 'bruinhemd' kwesje yn Súdwest Fryslân, drugslabs op it plattelân, de regeldruk en de AOW plannen fan it kabinet.
De wiken foar de gemeentelike ferkiezings komme we alle wiken yn 'e kunde mei twa listlûkers út de ferskate gemeenten. Hjoed binne dat Julie Bruijnicx, se is listlûker foar D'66 yn Ljouwert. En Pieter van der Zwan, hy is listlûker foar de Christen Unie yn de gemeente Smellingerlân. En ús fêste foarumlid en Twadde Keamerlid foar de VVD is Harry Bevers. Fansels ha we it oer lokale saken mar ek oer ûntwikkelingen yn Nederlân en de wrâld.
It nijsfoarum bestiet dizze kear út Aant Jelle Soepboer fan de FNP, Anneke Oosterwoud (listlûker Opsterlâns Belang) en Jamal al Sari (listlûker SP yn Smellingerlân. Under lieding fan Geartsje de Vries prate de foarumleden oer - riedsleden dy't te krijen ha mei agressy en yntimidaasje - de fergoeding foar politike ambtsdragers - it kabinet Schoof, hoe sjogge we der op werom - it kabinet Jetten, wat ferwachtsje we - Thialf as mooglike Olympyske lokaasje - de Olympyske spelen
It Nijsfoarum fan 8 febrewaris mei as gasten oan tafel: Dineke Wagenaar, listlûker VVD Tytsjerksteradiel; Chris van Hes, listlûker FNP yn de gemeente De Fryske Marren; Lucienne Boelsma, CDA-Twadde Keamerlid
Oer it nije koalysjeakkoart, mear lûd op de fleanbasis fan Ljouwert, in ferbod op sosjal media foar jongeren en in mislearre striid foar mear gasbaten, diskusearje Marieke Vellinga, Twadde Keamerlid fan D66, Rick Saton, lislûker fan de nije partij Lokaal Rechts yn Weststellingwerf en Sikko Klaver, listlûker fan GB 058, de fúzje fan Gemeente Belangen en Lijst 058.
Hjoed te gast Fokke Terpstra fan Winaam, listlûker fan D66 yn de gemeente Harns. Ankie Speel Bakker is de listlûker foar Heerenveen Lokaal en ús fêste gast om de pear wike is Twadde Keamerlid foar Grien Links\PvdA Habtamu de Hoop.
Oan tafel trije kandidaten foar de riedsferkiezingen fan 18 maart: * Sybrig Sytsma, listlûker GL/PvdA Hearrenfean; * Jelmer de Groot, listlûker BBB yn Súdwest-Fryslân; en as fêst foarumlid: * Wieke Goudzwaard, fraksjefoarsitter en nûmer twa op de list fan it CDA yn Ljouwert.
Yn it nijsfoarum nimme plak: Maarten Goudzwaard, twadde keamerlid foar JA21, Geertje Schoorstra-Boeijenga listlûker foar it CDA yn Noardeast Fryslân en Tjibbe Brinkman, wethâlder yn Achtkarspelen en ek listlûker foar de FNP yn dy gemeente. Under lieding fan Geartsje de Vries prate de foarumleden oer: Amearika en it belied fan Trump, de winter yn Nederlân en de problemen op Schiphol, it spoar en de wei en oer de gaswinning op de Noardsee boppe Flylân.
Yn it nijsfoarum te gast: Abel Kooistra - deputearre Harry Bevers - Twadde Keamerlid VVD Geeske Holtrop - riedslid Kleurrijk Fryske Marren We besprekke lânbouperikelen, Oekraine en oare aktualiteiten
Oan de Nijsfaorumtafel beprate trije gasten it nijs fan wike út Frysk perspektyf. Ditkear mei: *Aant-Jelle Soepboer, FNP-listlûker TK 2025; *Tjebbe van der Meer, fraksjefoarsitter CDA yn de gemeente Smellingerlân (en ek listlûker GR 2026); * Idske Koopmans, GrienLinks-fraksjefoarsitter yn de gemeente Súdwest-Fryslân (en nûmer 2 foar GR 2026)
Yn it nijsfoarum prate boargemaster Avine Fokkens fan Hearrenfean, âld twaddekeamerlid Romke de Jong (d66) en GrienLinks/PvdA twadde keamerlid Habtamu de Hoop oer de kabinetsformaasje dy't yn in ympasse sit. En ek de regeldruk yn Nederlân werby't gemeenten gauris tsjinoer de boargers stean en fuotbalfandalisme komt oan bod.
Yn it nijsfoarum besprekke Fred Veenstra (boargemaster Smellingerlân), Ellen de Bruin (Dolle Mina) en Jacques Monasch(âld PvdA Twadde Keamerlid foar de PvdA) it nijs fan de ôfrûne wike. De ûnderwerpen binne ûnder oaren de druk op lokale politisi, Orange the World, de útspraken fan minister Keijzer oer de NOS en Oekraine.
It Nijsfoarum mei: Juli Bruijnincx, fraksjefoarsitter D66 yn de rie fan Ljouwert; Geesje Duursma, gastvrijheidseconoom; en Ate Eijer, fraksjefoarsitter FNP yn de rie fan It Hearrenfean
It nijsfoarum stiet dizze kear ûnder lieding fan Geartsje de Vries en bestiet út CDA fraksjefoarsitter yn de ried fan Ljouwert Wieke Goudzwaard, PvdA steatelid Jaap Stalenburg en JA21 fraksjemeiwurker Ronald Dijksterhuis. De foarumleden diskusearje oer de formaasje ûnder lieding fan Sybrand Buma yn Den Haach, de gearstalling fan de nije twadde keamer, de swiere heechspanningskabel dy't troch Fryslân komt, it Sinterklaassjoernaal en de fúzje fan Grien Links en de PvdA.
Yn it nijsfoarum besprekke Piet Fortuin, foarsitter fan it CNV, Jan Arendz, foarsitter fan de FNP en Roel Sluiter, âld boargemaster fan Harns en listtriuwer foar PvdA Grien Links yn Harns by de gemeenteriedsferkiezings it nijs fan de ôfrûne wike.
It Nijsfoarum besprekt de ferkiezingsútslach en it oare nijs fan 'e wike, mei oan tafel: -Betty de Boer, eader keamerlid foar de VVD; -Romke de Jong, earder keamerlid foar D66; en -Bearn Bilker, âld-boargemaster en CDA-bestjoerder.
Yn it nijsfoarum fan buro de Vries prate Wieke Goudzwaard (fraksjefoarsitter CDA gemeenteried Ljouwert), Ate Bouma (nûmer 7 op de kandidatelist foar de FNP) en Hanneke Goede (steatelid en nûmer 30 op de kandidatelist foar de SP) oer de kommende twadde keamerferkiezingen. It giet oer de debatten dy't fierd wurde, de peilingen dy't hyltyd wer útbrocht wurde, de kampanje dy't fierd wurdt en ek oer ferkiezingtéma's as de regio en migraasje.
Yn Buro de Vries diskusearje de trije keamerleden en kandidaten by de ferkiezings oer ferskate tema's. Lykas migraasje, wenjen en soarch. Eddy van Hijum - listlûker NSC Max Aardema - nûmer 27 op de list fan de PVV Habtamu de Hoop - nûmer acht op de list fan Gr.Links-PvdA
It nijsfoarum debatearret ûnder lieding fan Geartsje de Vries foaral oer de ferkiezingtéma's. Oan tafel sitte FNP listlûker Aant Jelle Soepboer, D66 keamerlid Wieke Paulusma en Jelmer de Groot, de nûmer 26 op de list foar de BBB. Se prate koart even oer it bestân yn Gaza en dêrnei giet it foaral oer de ferkiezingen. Hoe fierst kampanje as't net oanskowe meist by de grutte debatten, hoe wolle de ferskate partijen de wenkrisis oanfleane en hoe wolle se omgean mei migraasje.
It Nijsfoarum mei trije Fryske kandidaten oan tafel foar de Twadde Keamer-ferkiezingen fan 29 oktober. - Luciënne Boelsma (CDA, nûmer 14), - Daan Olivier (GL/PvdA, nûmer 44) en - Fasil Kuipers (FNP, nûmer 9)





