DiscoverBuro de Vries Podcast - Nijsfoarum
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
Claim Ownership

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum

Author: Omrop Fryslân

Subscribed: 0Played: 0
Share

Description

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.
47 Episodes
Reverse
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan-Willem Tuininga, fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert, Hetty Janssen, earste keamerlid foar GrienLinks/PvdA en Renske van der Tempel bestjoerskundige oan de Thorbecke akademy. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer it keamerdebat dat fierd is oer it koälysjeakkoart en fansels komt dan ek de fraach foarby wa't de nije premier wurde moat. Fierder wurdt der diskussearre oer hoe't de klimaatferoaring oanpakt wurde moat, komt de nije adopsjewet ter sprake en Hetty Janssen komt mei in tip om it grutte tal slakken oan te pakken.    
Foarumleden Irene Overduin(sjoernalist fan de Ljouwerter Krante, Jaap Stalenburg (steatelid foar de PvdA en Aant Jelle Soepboer (Twadde Keaerlid foar NSC) besprekke it akkoart fan it nij te foarmjen kabinet. 
It Nijsfoarum fan 12 maaie 2024 mei hjoed oan tafel: Tjebbe van der Meer, CDA-fraksjefoarsitter Smellingerlân; Alice van Gosliga-Faber, BBB-fraksjefoarsitter Wetterskip Fryslân; Douwe Beimin, PAS Fryslân, (Platform Armoede en Schulden)
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan Willem Tuininga, fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert, Auke Zeldenrust, sjoernalist, skriuwer, dosint en teätermakker en Jasmijn Bottema, 18 jier en fraksjemeiwurker foar D66 yn de steaten. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de 4 maaie betinking en de eangst foar fersteuring, demonstraasjes fan studinten tsjin Israël, it wol of net omleechbringen fan de leeftiid by it stimmen fan 18 nei 16 jier. Fierder ha alle foarumleden ek in eigen ûnderwerp dat se nei foaren bringe.  
Yn it nijsfoarum besprekke  Hendrik Galema, jonge boer en foarsitter fan it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt. Mirka Antolovic, direkteur fan Tûmba en riedslid foar de PvdA yn Ljouwert en Wieke Goudzwaard, ek riedslid, mar foar it CDA yn de Fryske haadstê it nijs fan de ôfrûne wike. ûnderwerpen binne ûnder oaren: de problemen yn de lânbou, pfas, joadehaat, lintsjesrein en wylde katten.
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Abel Kooistra, fraksjefoarsitter BBB yn de steaten, Albert van der Ploeg, foarsitter Noardelike Fryske Wâlden en Anne Merkuur, fraksjefoarsitter Grien Links/PvdA yn de Fryske Marren en universitêr dosint Frysk oan de RUG en ûndersiker by de Fryske Akademy. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de nije bestjoersôfspraak Frysk, it krewearjen fan boeren foar de greidefûgels, gebietsbudzjetten dy't net trochgean en it 80-jierrich befrijingsfeest dêr't Deputearre Steaten folle minder jild foar útlûke wol as wer't op rekkene wie.
Oan tafel by it Nijsfoarum ditkear: - Aukje de Vries, VVD-keamerlid en demissionêr steatssiktaris; - Eke Folkerts, BBB-deputearre yn Fryslân; - Hayo Bootsma, redakteur/ferslachjouwer by Omrop Fryslân.
Yn it nijsfoarum besprekke we de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Dizze wike binne de gasten:   Gerk Koopmans earder direkteur fan ûnder oaren it Frysk Fersetsmuseum en organisaasje 80 jier befrijing Tjitske Veenstra riedslid Grien Links Achtkarspelen Maarten Goudzwaard Fraksjefoarsitter JA21 yn de Fryske Steaten   We prate oer: Gaza, wenningbou yn Fryslân, de wetterpipemûs en de spoartunnel by Deinum. En ek de kloof tusken earm en ryk en it 80 jierrich befrijingsfeest komt oan de oarder.
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Otto van der Galiën, gemeenteriedslid fan Lijst 058 yn Ljouwert, Charda Kuipers, steatelid fan Grien Links en Hendrik van Doezem dosint skiednis oan it Lauwerskolleezje. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer antysemitisme, MBO ûnderwiis, Russyske ynminging yn de Nederlânske polityk en omgongsfoarmen yn de keamer.   
It Nijsfoarum besprekt it nijs út Fryslân en de rest fan de wrâld mei trije gasten oan tafel. Dit kear mei: -Twaddekeamerlid Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA) -Steatelid Hanneke Goede (SP) en -Riedslid Albert van Keimpema fan De Fryske Marren (Burgerpartij)
Yn it nijsfoarum besprekke de folgjende gasten de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Joyce Walstra - direkteur Oranjewoud Export Academy, foarsitter MKB Noord Aebe Aalberts - Manager Dairy Campus at Wageningen University & Research, fractievoorzitter CDA Fryslân, toezichthouder, bestuurder Jaap Stalenburg - steatelid foar de PvdA en sportsjoernalist   We hawwe it oer: Gaswinning ûnder it Waad Hoe giet it yn de steaten de formaasje Pfas-perikelen iepening Holocaustmuseum en alles deromhinne
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Douwe Beimin, lid fan it platfoarm earmoede en skulden, Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân en Aant Jelle Soepboer, twadde keamerlid foar NSC De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer gaswinning by Ternaard, de seespegelstiging, de formaasje ûnderhannelingen yn Den Haach, wol of net holledoekjes foar BOA's en Joost Klein.   
It Nijsfoarum fan 3 maart 2024, mei oan tafel: - Jan Willem Tuininga, frakjsefoarsitter FNP Ljouwert; - Jacoline Engelmoer, riedslid Súdwest-Fryslân foar Nieuw Sociaal; - Yntze de Vries, ELP-fraksjefoarsitter Smellingerlân.
It Nijsfoarum fan 25 febrewaris mei oan tafel:   * Tjitske Veenstra, fraksjefoarsitter GrienLinks Achtkarspelen; * Cees Riezebos, frakjsefoarsitter PVV Súdwest-Fryslân; * Gerben van der Mei, fraksjefoarsitter Fryske steatefraksje FNP.
Yn it nijsfoarum besprekke de foarumleden it nijs fan de ôfrûne wqike. Yn dizze ôflevering giet it oer it reinbôgebelied fan de provinsje, de formaasjeperikelen en de dea fan Aleksej Navalny. De foarumleden binne Wieke Goudzwaard (CDA riedslid Ljouwert) Dirk Visser (riedlids PdvA Ljouwert) en Martijn Brands (VVD steatelid).
It nijs fan de wike besprutsen troch âld D66-keamerlid Romke de Jong, CDA-steatelid Attje Meekma en parlemintêr sjoernalist Ton van der Laan fan de Ljouwerter Krante.
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei boargemaster Waanders fan Waadhoeke, skiednisdosint Hendrik Atze van Doezem en CNV bestjoerder Piet Fortuin. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de spriedingswet, arbeidsmigranten, ûntslaggen en ûnrêst op de arbeidsmerk, it sluten fan drugspanden en it tillefoanferbod op skoalle.
It Buro de Vries nijsfoarum fan 28 jannewaris mei Fred Veenstra (Boargemaster De Fryske Marren) Aukje de Vries (2e keamerlid VVD) en Jan vd Veen (Sp Riedslid Hearrenfean) Presintaasje Rene Koster
Yn dizze podcast it nijsfoarum fan Buro de Vries mei âld-Earste Keamerlid Germ Gerbrandy, âld-deputearre en VVD-boargemaster Gerard van Klaveren en Janneke Hoitinga, foarsitter fan MKB-Fryslân.
Yn it nijsfoarum beprate Avine Fokkens, boargemaster fan Hearrenfean, Habtamu de Hoop, Twadde Keamerlid foar Grien Links/PvdA en Onno Falkena, sjoernalist by Omrop Fryslân de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. We hawwe it oer asylproblematyk en de spriedingswet, It Frysk as universitaire stúdzje en amtners dy't harren miening  ekstern diele.
loading
Comments 
Download from Google Play
Download from App Store