DiscoverSportcast
Sportcast
Claim Ownership

Sportcast

Author: Omrop Fryslân

Subscribed: 21Played: 2,627
Share

Description

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
353 Episodes
Reverse
It útkompleks fan Sportklup Hearrenfean is as snie foar de sinne ferdwûn nei trije oerwinnings bûtendoar. De winterstop komt dus eins te betiid foar Robin Veldman en syn ploech. Dat jildt net foar Erwin Zeinstra. De assistint-skiedsrjochter is wol efkes ta oan winterskoft nei 20 wedstriden yn de earste seizoenshelte. En SC Cambuur krijt ADO Den Haag wer yn it fizier, no't de koprinner fan Jong PSV ferlear. Kin Cambuur noch kampioen wurde? Dat en mear yn in nije Sportcast.
De ambysjes fan SC Cambuur yn it Kooi Stadion rikke fier. Yntern wurdt der sels praat oer it heljen fan Europeesk fuotbal, jout algemien direkteur Ard de Graaf ta. Fierder giet it oer in mooglike bekerstunt mei in Fryske link, de rêdings fan slangeminske Bernt Klaverboer dy't Sportklup Hearrenfean de earste 'clean sheet' opsmite én oer dat der scouts út hiel Europa op 'e tribune sitte foar Ismaël Baouf.
Cambuurmiddenfjilder Daan Visser is oardel wike lyn foar de twadde kear operearre oan syn knibbel. De 21-jierrige Snitser docht syn bêst om werom te kommen, mar makket him ek wol soargen oer oft dat kin. By Sportklup Hearrenfean is fan alles te dwaan oer de toss en de kar fan oanfierder Luuk Brouwers. Want spylje je it leafst yn de earste óf twadde helte nei de fanatike fans ta?  En hoefolle kredyt krijt keeper Bernt Klaverboer noch fan de technyske stêf fan de Feansters. De Ketliker keeper seach der sneon tsjin PSV op 'e nij net oertsjoegjend út.
Sportklup Hearrenfean kin aldermachtigst goed fuotbalje. As it mar thús is. En it leafst tsjin in goeie tsjinstanner. Want de Feansters litte it út tsjin de mindere Goden net sjen. Komt dat troch in mentaliteitsprobleem? Wa't miskien ek wol in probleem hat, is Cambuuroanfaller Ichem Ferrah. Hy wie de revelaasje fan de earste moannen, mar hat no al twa moannen net belutsen west by in goal. As it oan René van der Weij leit, rekket er syn basisplak kwyt. Dyselde Van der Weij, haadtrainer fan twadde divizjonist HHC Hardenberg, hat ek noch in primeur foar de Sportcast...
SC Cambuur wûn freedtejûn de topper fan ADO Den Haach, dochs gong it nei de tiid foaral oer de rellen nei de wedstriid. Dizze wike gong it ek in soad oer de finânsjen fan Cambuur. Jildsjitter Pieter Kooi sit dêrom oan tafel yn de Sportcast. "It wie wol efkes skrikken".
Robin Veldman is no in heal jier trainer fan sc Hearrenfean en libbet syn dream. Dat seit hy as gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Dochs lizze der foar him ek problemen op tafel. want hy hat in linksbûten dy't noch altyd gjin goal makke hat. Hoefolle stipe krijt Maxence Rivera noch? Hoe komt it by SC Cambuur no't der fragen lizze oer de finansjele problemen. Hoe grut binne dy en kin Cambuur der noch útkomme?
Neffens Cambuurtrainer Henk de Jong is ADO Den Haag net mear yn te heljen yn de Keuken Kampioen Divisie. Dy 'Henk de Jong-doktrine' kin yn de Sportcast net op stipe rekkenje. Ek is der krityk op Robin Veldman, de trainer fan Hearrenfean dy't sykjende is nei syn ideale opstelling. As it oan âld-fuotballer Geert Jelle de Vries leit, is dêryn gjin plak foar de 'domme draver'. De finansjele sifers fan Cambuur wurde ek besprutsen. Der driget sels in straf foar de klup, as it net ferbetteret.
Gertjan Verbeek sjocht leauwer dat sc Hearrenfean mei in oare opstelling komt. Neffens him sit der genôch goed fuotbal yn de ploech en komt dat der no net út. De âld-trainer is te gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. En wa is de bêste rjochtsback fan SC Cambuur? Bram Marsman spile by ferstek fan Rik Mulders en skoarde. Moat hy in basisplak krije?
Hy stiet bekend as ien dy't noait ophâldt mei praten: Cambuurspits Jort van der Sande. It smyt him de bynamme 'Radio Van der Sande' op, dy't er ea fan in ferneamd fuotbaltrainer krige. Van der Sande is te gast yn de Sportcast en fertelt oer wêrom't hy de bêste spits foar Cambuur is. En oer hoe't er syn perioade yn Skotlân belibbe. Dêr hiene se nochal wat bysûndere foarmen fan klaaikeamerhumor... Ek giet it, op 'e nij, oer de wiksels fan Robin Veldman. Want yn de slotminuten tsjin NAC Breda gie it wer mis foar Sportklup Hearrenfean. Leit it oan de ferdigenjende wiksels?
Hie Robin Veldman de drege einfaze by Telstar-sc Hearrenfean foarkomme kinnen mei syn wiksels? Want de Feansters liken gjin antwurd te hawwen op it ynbringen fan de lange Milan Zonneveld. Bernt Klaverboer hie dat wol; de keeper fan Ketlik makket yndruk yn syn earste wedstriden foar Hearrenfean. Der is by Cambuur nijs oer de blessuere fan oanfaller Ichem Ferrah. En wannear is wrâldkampioen Ismaël Baouf eins werom yn Ljouwert?
It giet mar wer ris oer Ismaël Baouf, dy't mei Marokko yn de heale finale stiet fan it wrâldkampioenskip ûnder 20 jier. Hy makket safolle yndruk, dat Marokkaanse fuotbalfans him ek yn it earste op de Afrika Cup sjen wolle. Ald-fuotballer Sandor van der Heide foarsjocht in rekôrtransfer. En hy tinkt dat Sportklup Hearrenfean de play-offs om Europeesk fuotbal hellet. Mei Luuk Brouwers yn 'e basis, as it oan him leit.
De miljoenen klotsten by de plinten op yn it Kooi Stadion de ôfrûne simmer. Benjamin Pauwels, Tyrique Mercera en Bryant Nieling brochten miljoenen op.  De nije lading goudmyntsjes stiet al klear mei Ismaël Baouf, Jamal Amofa en Oscar Sjöstrand. Al rekkenet technysk manager Lars Lambooij fan SC Cambuur net op in wintersk fuortgean. By Sportklup Hearrenfean foel de gremitigens ôf te lêzen fan it gesicht fan matchwinner Sam Kersten. Wêr kaam dat wei?
Sportklup Hearrenfean joech snein twa punten fuort yn Utrecht, wylst SC Cambuur it publyk op de banken krige tsjin Jong PSV. Mei Foppe de Haan prate we yn de Sportcast oer in fantasyske Joris van Overeem, in minne Ringo Meerveld en de nije earste spits fan Cambuur.
Sportklup Hearrenfean wûn snein fan NEC, mei goed fuotbal en in nij sintraal duo. Moatte Maas Willemsen en Joris van Overeem stean bliuwe? Troch blessueres fan Sam Kersten en Nikolai Hoplan en in skorsing fan Hristiyan Petrov moast trainer Robin Veldman snein ymprovisearre. Maas Willemsen wie de lêste sintrale ferdediger dy't oerblean. Joris van Overeem ferhuze fan it middenfjild nei de ferdediging. En hy die dat opfallend goed.
De broek sakke der by in hiele hoop supporters fan sc Hearrenfean fan ôf: de twadde giele kaart foar Hristiyan Petrov yn de wedstriid tsjin Feyenoord. Algemien direkteur Ferry de Haan fan de Feansters makket der wurk fan en wol by de KNVB besykje om de skorsing fan de ferdigener foar te kommen. Dyselde Ferry de Haan krijt in oantal kwisfragen, dêr't er syn holle oer brekt. En de holle brekke oer fuotbal hoecht Henk de Jong dizze dagen efkes net. Hy is nei eigen sizzen op 'âldemanljusferlof' yn Spanje.
Bernt Klaverboer makket syn basisdebút yn de earedivyjze kommende sneon yn De Kuip. Mar hoe giet de 19-jierrige Ketliker om mei de druk fan De Kuip? Hy krijt dêr by in tip fan in âld-kollega, dy't no yn Súd-Afrika ûnder de latte stiet. En dy't The Big 5 noch net sjoen hat. Fierder giet it oer SC Cambuur, dat in soad yndruk makke tsjin Willem ll. Sterker noch: âld-fuotballer Geert Jelle de Vries neamt de Ljouwerters no 'kampioenskandidaat nûmer ien'.
It koe mei rjocht in pineholledossier neamd wurde ferline jier: it spitseprobleem by SC Cambuur. Sawol Jonathan Afolabi as Jeredy Hilterman wie net fit. No is der mei Nicolas Binder in nije oanfaller, mar je riede it al... Hy hat de helte alwer mist fanwege in blessuere. Mar neffens Cambuurtrainer Henk de Jong komt it goed mei de Eastenryker. Mei wa't it net goed komt is Andries Noppert. Dy rekket syn basisplak kwyt nei in perioade fan ûnwisse optredens.
Lucas Bijker spile by SC Cambuur en sc Hearrenfean, mar is tsjintwurdich amtner by de gemeente Hearrenfean. Dochs hopet hy in comeback yn it fuotbal te meitsjen, seit er yn de Sportcast.
Je topspits dy't te let komt en op de bank sit, in blunderjende keeper en Sweedske fans dy't smoardronken fan gelok in doelpunt fan harren freon fierden. Der is wer in hoop te bepraten yn de nije Sportcast, mei dêryn de oanfierder fan SC Cambuur as gast. Mark Diemers stipet Andries Noppert en fynt dat de keepersdiskusje by sc Hearrenfean net op 'e nij op gong te kommen.
It is ûnbegryplik dat de spilers fan SC Cambuur net op 'e tiid fit binne foar de seizoensstart. En sa driget in senario as dat fan foarich seizoen, doe't de Ljouwerters nei seis wedstriden ien-nei-lêste stiene. Fierder giet it yn de Sportcast oer de blessuere fan Levi Smans, de transfer fan Michel Vlap en sjeiks yn it skûtsjesilen...
loading
Comments 
loading