Sportcast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.

#311: In nije ferdediging by Hearrenfean, bale op Bali en in frou yn de Sportcast

Sportklup Hearrenfean wûn snein fan NEC, mei goed fuotbal en in nij sintraal duo. Moatte Maas Willemsen en Joris van Overeem stean bliuwe? Troch blessueres fan Sam Kersten en Nikolai Hoplan en in skorsing fan Hristiyan Petrov moast trainer Robin Veldman snein ymprovisearre. Maas Willemsen wie de lêste sintrale ferdediger dy't oerblean. Joris van Overeem ferhuze fan it middenfjild nei de ferdediging. En hy die dat opfallend goed.

09-22
51:01

#310: Yn 'e bleate kont foar Feyenoord-Hearrenfean, Henk de Jong op âldemanljusferlof en in kwis foar Ferry de Haan

De broek sakke der by in hiele hoop supporters fan sc Hearrenfean fan ôf: de twadde giele kaart foar Hristiyan Petrov yn de wedstriid tsjin Feyenoord. Algemien direkteur Ferry de Haan fan de Feansters makket der wurk fan en wol by de KNVB besykje om de skorsing fan de ferdigener foar te kommen. Dyselde Ferry de Haan krijt in oantal kwisfragen, dêr't er syn holle oer brekt. En de holle brekke oer fuotbal hoecht Henk de Jong dizze dagen efkes net. Hy is nei eigen sizzen op 'âldemanljusferlof' yn Spanje.

09-15
54:34

#309: In 'Tikkie' foar Ichem Ferrah, Kuipvrees en in strúsfûgel yn The Big 5?

Bernt Klaverboer makket syn basisdebút yn de earedivyjze kommende sneon yn De Kuip. Mar hoe giet de 19-jierrige Ketliker om mei de druk fan De Kuip? Hy krijt dêr by in tip fan in âld-kollega, dy't no yn Súd-Afrika ûnder de latte stiet. En dy't The Big 5 noch net sjoen hat. Fierder giet it oer SC Cambuur, dat in soad yndruk makke tsjin Willem ll. Sterker noch: âld-fuotballer Geert Jelle de Vries neamt de Ljouwerters no 'kampioenskandidaat nûmer ien'.

09-08
54:19

#308: In spits dy't mear maratons draaft as goals makket en wêrom't Andries Noppert syn basisplak kwyt is

It koe mei rjocht in pineholledossier neamd wurde ferline jier: it spitseprobleem by SC Cambuur. Sawol Jonathan Afolabi as Jeredy Hilterman wie net fit. No is der mei Nicolas Binder in nije oanfaller, mar je riede it al... Hy hat de helte alwer mist fanwege in blessuere. Mar neffens Cambuurtrainer Henk de Jong komt it goed mei de Eastenryker. Mei wa't it net goed komt is Andries Noppert. Dy rekket syn basisplak kwyt nei in perioade fan ûnwisse optredens.

09-01
59:42

#307: Hokker klup wol Lucas Bijker op it fjild ha?

Lucas Bijker spile by SC Cambuur en sc Hearrenfean, mar is tsjintwurdich amtner by de gemeente Hearrenfean. Dochs hopet hy in comeback yn it fuotbal te meitsjen, seit er yn de Sportcast.

08-25
51:32

#306: Sjampanje fanwege in spiler dy't te let komt en stipe foar in blunderjende Noppert

Je topspits dy't te let komt en op de bank sit, in blunderjende keeper en Sweedske fans dy't smoardronken fan gelok in doelpunt fan harren freon fierden. Der is wer in hoop te bepraten yn de nije Sportcast, mei dêryn de oanfierder fan SC Cambuur as gast. Mark Diemers stipet Andries Noppert en fynt dat de keepersdiskusje by sc Hearrenfean net op 'e nij op gong te kommen.

08-18
58:48

#305: Fan Bali nei Al-Ahli en ûnbegryp oer it gebrek oan fitheid by Cambuur

It is ûnbegryplik dat de spilers fan SC Cambuur net op 'e tiid fit binne foar de seizoensstart. En sa driget in senario as dat fan foarich seizoen, doe't de Ljouwerters nei seis wedstriden ien-nei-lêste stiene. Fierder giet it yn de Sportcast oer de blessuere fan Levi Smans, de transfer fan Michel Vlap en sjeiks yn it skûtsjesilen...

08-11
53:20

#304: Heintje Davids, Levi Smans en Johnny&Ronnie: de Sportcast is werom

De Sportcast is nei twa moannen simmerstop werom. Der is genôch te bepraten, want Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur ha net stil sitten. Is it terjocht dat Henk de Jong de doelstelling fan Cambuur al bysteld hat? En hoe moat it middenfjild fan sc Hearrenfean derút sjen? It komt oan bod yn in nije Sportcast, mei ûnder oaren de Heintje Davids fan Omrop Fryslân én De Grutte Unbekende...

08-04
56:22

#303: Fleurich de simmerstop yn mei transfernijs yn de lêste Sportcast: nije oanfallers op komst

SC Cambuur is hiel ticht by it oanlûken fan in Eastenrykse spits. En ek Sportklup Hearrenfean wol him oanfallend fersterke en dêr liket op koarte termyn wat by te kommen. Dat docht bliken yn de lêste Sportcast fan dit seizoen, wêryn't we fleurich de simmer yngean mei de bruorren Hans en Wim Anker.

06-02
51:06

#302: "Robin van Persie heeft niet heel veel verstand van keepers"

Hy keepte by in grutte klup as Ajax en foar de Poalske lânskampioen, mar neamt it ôfrûne seizoen fan Sportklup Hearrenfean 'mijn meest bijzondere seizoen ooit'. Keeper Mickey van der Hart makket de oerstap nei Súd-Afrika en sjocht yn de Sportcast werom op syn perioade yn it Abe Lenstra Stadion. Dêrneist giet it oer SC Cambuur, wêr't noch net dúdlik is hoe heech it spilersbudzjet foar takom seizoen wêze sil. Wol is technysk manager Lars Lambooij ticht by it binnen heljen fan in nije spits.

05-26
49:27

#301: Psycholooch kin Hearrenfean Europa yn helpe yn play-offs: "Miskien moat se dat wat mear dwaan"

De spilers fan Sportklup Hearrenfean moatte de kommende dagen in besite bringe oan in psycholooch. Dat soe harren helpe kinne yn de play-offs om Europeesk fuotbal, wêryn't se tongersdei in útwedstriid spylje tsjin AZ. Dêrneist giet it oer Jeroen Burghout. De assistint-trainer fan SC Cambuur is te gast. Hy sjocht werom op de ôfrûne fiif jier yn Ljouwert, want hy moat ôfskie nimme fan de klup. Syn kontrakt waard net ferlinge.

05-19
53:20

#300: Sandor van der Heide: "Op het moment dat Cambuur promoveert is het een week feest en een jaar ellende. 100 procent."

"Op het moment dat ze promoveren is het een week feest en een jaar ellende. 100 procent." Dat seit Sandor van der Heide yn de Sportcast oer in mooglike promoasje fan SC Cambuur. Hy is te gast yn de Sportcast, wêr't Arjen de Boer praat mei Van der Heide en ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber oer Hearrenfean en Cambuur.

05-12
56:00

#299: Komme der histoaryske play-offs oan? "Noordelijke voetbal moet naar het hoogste niveau ooit"

As SC Cambuur promovearret, dan soene der folgjend seizoen fjouwer klups út Noard-Nederlân yn de earedivyzje spylje. En dus kinne it histoaryske play-offs wurde. Mei âld-fuotballers Geert Jelle de Vries en Tieme Klompe prate we oer de kânsen fan de beide Fryske klups yn de play-offs, want ek Hearrenfean hat goeie papieren dy te heljen. Fierder giet it oer de rol fan Jakob Trenskow, it middenfjild fan Cambuur en of Hristiyan Petrov of Mats Köhlert tsjin RKC Waalwijk spylje moat.

05-05
58:30

#298: Ard de Graaf bliid mei play-off-plak Cambuur: "Zeker als je ziet waar we vandaan komen"

Dat SC Cambuur in pear spylronden foar de ein al wis wie fan de play-offs, wie neffens Ard de Graaf net fanselssprekkend. Om dy reden is de algemien direkteur fan de klup bliid, sa seit er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Fierder fertelt assistint-trainer Sipke Hulshoff fanút Liverpool oer it behelle lânskampioenskip en giet it oer de nije keeperstrainer fan sc Hearrenfean.

04-28
59:26

#297: Weromkear Trenskow is breanedich yn oanfal Hearrenfean: "De rest kin net fuotbalje"

Sportklup Hearrenfean hat der in wapen by, mei it each op de play-offs om Europeesk fuotbal. Dat wapen hjit Jacob Trenskow. Sûnder him wie de kâns grut west dat de Feansters de neikompetysje net iens helle hiene. En oanfierder Mark Diemers wol dochs yn Ljouwert bliuwe, ek as SC Cambuur net promovearret nei de earste divyzje.

04-21
45:51

#296: Foeke Booy begrypt foarsichtigens Cambuur oer twadde plak net: "Spreek het gewoon uit en ga ervoor"

SC Cambuur moat net sa foarsichtich wêze en gewoan útsprekke dat it foar streekrjochte promoasje giet. Dat fynt Ljouwerter Foeke Booy, dy't yn it ferline spiler en technysk manager by de klup wie. Op dit stuit is hy assistint-trainer fan Almere City en mei dy klup spilet er sneon tsjin Sportklup Hearrenfean.

04-14
59:16

#295: Robin Veldman wurdt efkes emosjoneel by debút yn Abe Lenstra Stadion: "Dat deed wel echt wat met me"

It wie ít momint dêr't Robin Veldman by syn presintaasje by Sportklup Hearrenfean it meast nei útsjoen hie: it debút yn it Abe Lenstra Stadion. Ofrûne freed wie it safier. It Frysk folksliet brocht him in emosjoneel momint, sa seit Veldman yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

04-07
58:32

#294: Opmerklike oarsaak foar doelpunterein fan Remco Balk: "De verdienste van Afolabi"

Mark Diemers is de bêste spiler fan SC Cambuur dit seizoen, mar de revelaasje is topskoarer Remco Balk. Dat fynt klupikoan Johan Groote. Hy tinkt dat de Ljouwerters twadde wurde en streekrjocht promovearje nei de earedivyzje. Fierder sjogge we yn de Sportcast werom op it debút fan Robin Veldman as haadtrainer fan Sportklup Hearrenfean.

03-31
55:02

#293: Robin Veldman presintearre by Hearrenfean: "Dit is hûndert kear better as de Van Persies en Van Bastens fan dizze wrâld"

Mei Robin Veldman hat Sportklup Hearrenfean in nije trainer dêr't it pompeblêdebloed troch syn ieren rint. En dat is krekt wat de klup no nedich hat, docht bliken yn de Sportcast.

03-24
45:19

#292: Foppe de Haan op de bank?: "Ik wol gjin stroman wêze"

Hearrenfean is nei it fertrek fan Robin van Persie noch altyd op syk nei in opfolger. Op dit stuit docht Henk Brugge it, mar dy hat net de goeie papieren. Mar Foppe de Haan fertelt yn de Sportcast dat Brugge it oant no ta prima docht.

03-17
57:41

Recommend Channels